Home » Boartsje dy taalryk
Meer taal in spel, meer spel in taal
In training foar de echte ûnderbouwer!
Bekijk hier de Nederlandse tekst.
Witsto wol dat bern mear taal leare troch te boartsjen? En dat romte jaan oan it Frysk en oare thústalen fersterkjend wurket foar de taalûntwikkeling? Ja, as ûnderbouprofessional witsto dat fansels. Mar hoe bewust makkesto hjir gebrûk fan en hoe kinst dit proses begeliede en ferdjipje?
Yn de training ‘boartsje dy taalryk’ wurdst meinommen yn de ferbining tusken it boartsjen en de meartalige taalûntwikkeling fan jonge bern. Do wurdst útdage om te ekspirimentearjen mei ferbyldingskrêft. Sa silst boartsjendewei taal útlokje by beukers. De training is benammen rjochte op de praktyk en bestiet út in E-learning mei twa koarte modules en fjouwer fysike gearkomsten. Do kinst kieze foar in iepen ynskriuwing, mar it is ek mooglik om de training op lokaasje te folgjen.
In moaie kâns om it taalûnderwiis en de trochgeande line yn groep 1 en 2 boartsjendewei te fersterkjen.
Tidens dizze gearkomste keppelst de teoretyske kennis oan de eigen praktyk. Oan de hân fan ynbring fan professionals út it wurkfjild makkest in ferbining tusken boartsjen en de meartalige taalûntwikkeling. Do ferdjippest dy yn it jaan fan taalstipe en makkest in begjin fan it yn kaart bringen fan de taaleftergrûn fan dyn groep.
Tidens dizze gearkomste sjochst nei it spontane boartsjen fan bern. Hoe kinsto bern tidens it boartsjen sa stimulearje dat der ryk spul ûntstiet en de bern yn ynteraksje meiïnoar ta djipper en riker taalûntwikkeling komme? Do ferdjippest dy yn de spulfases fan de bern yn dyn klasse en… wat hat in rariteitenkabinet dêr eins mei te krijen?
Tidens dizze gearkomste rjochtest dy op de learkrêft stjoerende aktiviteiten. Hoe kinsto tidens dyn taal- en spulaktiviteiten echt boartsje mei bern, sadat der in sterke ynteraksje mei optimale belutsenens ûntstiet en bern werklik ta ûntwikkeling komme? Do giest oan de slach mei û.o. opsisferskes, muzyk, printeboeken en spullessen.
Tidens dizze gearkomste sjochst werom op dyn eigen learproses en makkest in plan foar it boargjen en oerbringen fan de wurkwize binnen dyn skoalle. Sa wurdst in echte ‘Boartsje dy taalryk-ambassadeur’ foar dyn skoalle.
In E- learning en fjouwer gearkomsten fan twa oeren. Fan 15:00 oant 17:00 oere.
Learkrêften groep 1 en 2
Foar skoallen yn Fryslân wurdt dizze training foar jo betelle troch provinsje Fryslân út de regeling Frysk foar no en letter.
Drachten
12 maart 2026
9 april 2026
21 mei 2026
11 juni 2026
Cedin is dé organisatie voor iedereen die de kwaliteit van zijn onderwijs duurzaam wil versterken. Dagelijks trainen, coachen en adviseren wij onderwijsprofessionals in heel Nederland. Dat doen we altijd praktijkgericht, zodat je er morgen mee verder kunt.
Ontwerp en realisatie: NIO Communicatie & Internet
Congres van Goed naar Goud | 26 maart in Houten | Keynotes: Doug Lemov & Pedro de Bruyckere
Bekijk hier het programma en schrijf je in!“Close Reading is een aanpak om het leesplezier weer terug te krijgen!”
Lees hier het artikel