Zoeken
Zoeken

Linkk

LinKk is in tydskrift, dat seis kear yn it jier ferskynt en heart by de lessen Frysk op dyn skoalle. It stiet grôtfol mei ynterviews, celeb-roddels, gamenijs, muzykberjochten en oare linke saken.

Abonnemint op LinKk?

LinKk wurdt subsidiearre troch de Provinsje Fryslân en is fergees te bestellen yn klassesets fan 30 stiks. Bestel LinKk.

Nijste edysje

LinKk 5 – Trends en media

Yn dizze edysje fan LinKk dûke wy yn de wrâld fan trends en media. Wat binne de nijste gadgets, firale apps en ûnmisbere (Fryske) influencers? Sa lêst oer youtuber Frank van Dam, it imago fan Fryslân en de nije sport padel. Cambuur is op dit stuit fansels ek in trend! De club is promovearre en spilet takom jier yn de earedivyzje. In moaie ûntwikkeling is ek dat it goed giet mei de jeugdoplieding en dat der in soad Friezen by de earste seleksje sitte. Ek oer dy trend lêst yn dizze LinKk.    
Oftst no in trendsetter bist of gewoan benijd nei wat der spilet, dizze LinKk is foar dy!   
 

Lês LinKk >  

Alde LinKks fynst hjir

Jiergong 2025-2026

Jiergong 2024-2025

septimber 2024
novimber 2024
december 2024
febrewaris 2025